Boeken

Opgelet: wordt in een nieuw venster geopend. PDFAfdrukkenE-mail

Dorpsgenoten schreven oa de volgende boeken, onderaan wat voorproefjes (Ds van Apeldoorn en over de melkfabriek): 
1. En de vlaggen die wapperden
Een boek over Ds. Van Apeldoorn, geschreven door Jochem Dijkstra

2.  Priuwkes
In boek mei selektearde ferhalen en gedichten, skreaun troch Rein Jankesz.   S (Reinder Bil)
(It boekje fan Reinder Bil ‘Priuwkes’ is útferkocht.)

3. It boereboek

It boek oer de boereskiednis fan Koartehimmen en Boarnburgum is klear. Yn it ‘Boereboek’ is fan elke pleats en komelkersspultsje in foto opnommen, mei derby in koarte beskriuwing. Hjir en dêr gean we eefkes de histoarje yn. It gehiel foarmet in prachtich dokumint oer ús foarâlden.
Het ‘Boereboek’ is voor € 20,00 te koop in het bekende restaurant ‘Het Spijshuys’ te Boornbergum. 
Skreaun troch Jochem Dijkstra.

4. Pearels fan de Himmen
Het boek over de stemgerechtigde zates van Kortehemmen is voor € 10,00  te koop bij de schrijver Jochem Dijkstra

Ds van Apeldoorn, wat was dat voor man?

In het dorp Boornbergum weten alleen de ouderen nog van zijn bestaan. De jongere generatie kent alleen de naam doordat een straat naar hem genoemd is. We hebben het over ds Van Apeldoorn. Hij zal wel belangrijke dingen gedaan hebben, anders was de straat langs de pastorie niet naar hem vernoemd.

Er is een boekje verschenen waarin op een duidelijke manier voor jong en oud uit de doeken gedaan wordt welke belangrijke invloeden deze dominee voor het dorp en de gemeente Smallingerland heeft gehad. Het boekje heeft de titel meegekregen:

‘En de vlaggen wapperden’
Drie aspecten

1. Dominee Van Apeldoorn diende de hervormde gemeente Boornbergum / Kortehemmen van 1923 tot 1947. Hij was ervan overtuigd dat een gemeente alleen toekomst heeft als er leven in de brouwerij is. Een middel daarvoor was het verenigingswerk. Hij richtte - en zijn vrouw: Aaf Zijlstra ondersteunde hem daarbij – eerst een meisjesclub op en later een vrouwenvereniging. De leden van deze laatste komen nog geregeld samen in het dorpshuis ‘It Bynt’.

2.
Ds Van Apeldoorn had grote organisatorische kwaliteiten. Die kwamen naar voren bij de stichting van het gebouw van de Arbeiders Gemeenschap van de Woodbrookers te Kortehemmen. Dat gebeurde in 1937. Bij de bouw werden vele jeugdige werklozen ingeschakeld. De mensen van de Woodbrookers hebben veel gedaan aan vorming en training van allerlei groepen, van huisvrouwen en onderwijzers, van werklozen tot leden van ondernemingsraden. En nog steeds biedt deze schitterend in de bossen gelegen accommodatie aan vele personen een mooi stuk werkgelegenheid.

3. In de lange periode dat Van Apeldoorn hier werkte valt ook de vreselijke tijd van de Tweede Wereldoorlog. Van Apeldoorn moest niets van de bezetter hebben. De nazi’s hadden een onuitstaanbare doctrine. De Duitsers pakten de Joden, zigeuners enz op. Ze hielden razzia’s om mensen naar Duitsland te voeren om daar te werken. Ook hadden ze het gebouw van de Woodbrookers ingepalmd, het lievelingsobject van Johan van Apeldoorn.

Onze dominee raakte betrokken bij het verzet. Hij verstopte Joden in de pastorie, hij hielp mensen aan vervalste papieren, hij durfde de vijand moedig te woord te staan, o.a. bij de razzia in Boornbergum op 15 december 1944. Ze voerden hem als laatste weg.

Na de oorlog komt hij als een gebroken man terug. Na zijn emeritaat in 1947 woont hij nog enkele jaren te Wapenveld op de Veluwe. Hier overlijdt hij in 1952.

Zijn ijver om iets tot stand te brengen was voor velen een voorbeeld, zijn moedig optreden ten overstaan van de vijand gaf mensen uit de omgeving hoop. De resultaten van zijn werk zijn nog steeds als rijpe vruchten te bewonderen.
Het bestuur van de stichting ‘Vrienden van het kerkje’ had de organisatie perfect geregeld. De presentatie van het boekje werd opgevrolijkt door enkele leden van het muzikale gezin Jongsma. Ze werden begeleid door Rein Ferwerda, die zelf liet horen dat de nieuwe piano wondermooi klinkt. Tot besluit zongen de aanwezigen samen het Wilhelmus.
Het boek kost € 8,00.

Priuwkes

Sa hyt it boekje mei selektearde ferhalen en gedichten skreaun troch Rein Jankesz. In soad minsken hienen net yn ‘e gaten dat achter dizze namme ús doarpsgenoat Reinder Bil fan de ds. Van Apeldoornwei skûl gong. ‘Dat sa ‘n man soks kin,’ wie ien fan de reaksjes.

Jo kinne it sels be-oardielje: Der leit aanst in eksimplaar om yn te sjen by bakker Baarsma yn de winkel. It boek kin kocht wurde by Louise de Boer, Skoalfinne nr 23 foar € 7,50. It earste boek sil útrikt wurde op in by-ienkomst fan meiwurkers fan de Boarnhimster Bining, dêr ‘t Reinder fanôf it begjin syn bydragen oan leveret. De ferkeap is begûn.




It Boereboek

Ut it rike ferline

troch Jochum Dykstra

It boereboek

It bûterfabryk op ’e Galhoeke foarme in sintraal punt yn it boerebestean. We sille besykje oer it fabryk in haadstik te meitsjen. In part dêrfan is al klear. In priuwke .....


Op ’e grins fan Boarnburgum / Koartehimmen, om presys te wêzen op ‘e Galhoeke begûn yn 1893 in partikulier mei in fabrykje. Foar de lytse boeren dy’t de measte swierrichheden hiene mei de opslach en ferwurking fan de suvel wie dit in ljochtpunt. De ûndernimmer, Jan Gosses de Boer, hie om it bedriuw rendabel te meitsjen op itselde terrein ek in mealderij yn wurking brocht. De boeren ferbouden doe noch in protte rogge. Rogge wie de grûnstof foar brij en brea. Dêrneist wie de ferbou fan hjouwer fan belang.
Doe’t bliken die dat de sintrale ferwurking fan de molke de kwaliteit te goede kaam, begûnen stadichwei ek de gruttere boeren har foar it fabryk te ynteressearjen. De boeren namen it partikuliere bedriuwke oer, se ferienigen har: de koöperaasje, dy’t letter de namme ‘Mei-inoar Ien’ krige, wie berne. De besteande geboukes waarden ferboud en njonkenlytsen groeide it bedriuw ta in kompleks sa ‘t we it hjoed noch stean sjogge, mar no sûnder molke, wol mei doarren en motoaren.

De begjintiid

It bestjoer bestie út 5 persoanen en 1 ynfaller. K.H. Veenbaas (fs), B. Kielstra Rsn (sikr), J.A. Cnossen, B.S. Binsma, R.G. Adema en S.H. Sietzema (pl.f.). It personiel wie in ploechje fan 9 man. F.W Anema, behearder – boekhâlder; H. de Bruin, ads.dir. – molkkontroleur; R. Visser, 2e tsiismakker; G. Dykstra, 1e tsiismakker; E. Tolman, masinist; H. Wieling, molke-ûntfanger; B. Stienstra, kûper.
De masinist soarge ek foar it jaan fan de sûpe, de kûper wie ferantwurdlik foar it útjaan fan ûndermolke en waai. Oan lean waard yn 1904 oan it personiel betelle it bedrach fan f 4046,--, dêrby kaam de ûngefallepreemje fan f 10,25.

 


It bûterfabryk nei de ferbou yn 1903

Nei 25 jier

In hiele protte witte we net fan de begjinjierren. As it earste jubileum naderet, ferskynt der in spesjaal jierboekje mei wat foto’s en gegevens oer de ôfrûne 25 jier. It bestjoer hie as lieder fan it gehiel in behearder oansteld, it wie dhr. P. van der Zwaag. Letter krige dizze persoan de titel direkteur. Yn 1928 bestiet it bestjoer út: A. K. Veenbaas, voorz.; B. Kielstra Rzn., secr.; S. de Jong, onder-voorz.; W. Brouwer; M. Poppinga; R. Kleefstra en J.W. de Boer.

 


De ûntfangst fan de molke

Molkriderij

In ûnmisbere skeakel foarmet de molkrider. As byfertsjinst is in molkrit foar in protte lytse boeren in oantreklik alternatyf. De 14 rûtes jouwe oan wêr ‘t de leveransiers wennen. En dan te begripen dat de measte rûtes oer sânpaden –winters modderich – liede. By it fabryk rydt de molkrider de wein stiif tsjin de ûntfangst. Hy skoot de bussen it fabryk yn, wêr’t de ûntfangers se oernimme. De fabryks­mannen leegje tegearre de bussen yn de opfangbak, dy’t tagelyk as wagerij tsjinnet. De man efter de lessenaar notearet de sifers fan de skealjes.

 

 
De gegevens komme út it jier 1928. De molkboaten, nr 12 en 14, benaderje it fabryk oan de efterkant. Dêr einiget it spesjaal foar it fabryk groeven kanaal, de Eagewyk.

Copyright © 2017 Boornbergum - Kortehemmen. Alle rechten voorbehouden.
Joomla! is vrije software vrijgegeven onder de GNU/GPL Licentie.