De plattegrûn fan Hindrik Jan Bosma

Opgelet: wordt in een nieuw venster geopend. PDFAfdrukkenE-mail

Út de âlde doaze

In kaart mei in soad ynformaasje oer de minsken en de tastân fan foar de oarloch. Foar de dúdlikheid binne der ek bewenners fan hjoed (1999,TdB) byskreaun. De orizjinele plattegrûn is destiids makke troch Hindrik Jan Bosma. Hy libbe fan 1904 – 1995. Doe't er op de Jouke Jochemswei wenne tocht hy faak oan syn jonkheid. Wa wennen hjir doe? Hy hat it allegear op syn eigenmakke kaart oantekene. De âldere lêzers sille de bewenners fan de huzen grif kend ha. Foar de nijkommelingen is it aardich om te witen wa't der earder yn har hûs wenne hat.
We begjinne mei it westlike part fan Boarnburgum.


Taljochting:
1. De bewenners fan de huzen oan de Nijewei binne rjochts set, de nrs 1 – 8. Oan de westkant fan de Nijewei stienen doe hast noch gjin wenten.
2. De wei dwers troch it doarp hinne hie foar de oarloch noch net de namme fan no. It wie in heal ferhurde dyk. De weiwurkers fan de gemeente makken geregeld de gatten ticht mei makade, in soars stientsjeguod út de minen.
3. Ten westen fan de Herfoarme tsjerke stie in rychje fan fjouwer wenten, de saneamde diakenijhúskes. Letter hat de Boerelienbank him op dy lokaasje festige.
4. Ten suden fan de Herfoarme tsjerke begjint in paad, op de kaart oanjûn mei streepkes. It is it ieuwenâlde tsjerkepaad tusken De Himmen en Boarnburgum. It wie in fuotpaad dwers troch de greiden, oer bartsjes en hikken. It Efterom is eins noch in nijsgjirrich restant fan dizze âlde ferbining.
5. 'Voermanderij' stiet der. De famylje Glastra, hie hynder en wein ta beskikking foar elk dy't wat helje of bringe litte woe. Ek wie der in skuonmakkerij yn it âlde pân.
6. Aardich is ek dat de minsken it paadsje dat no neist 'Pavo' (no: Tweespan, TdB) rint, lang ferlyn skoalleane neamden. It rûn ommers regelrjocht nei it plak wêr’t de iepenbiere skoalle stie. Fan De Himmen kaam de jongerein dit paad del.
7. De huzen foarsjoen mei in krúske binne yn de rin fan de tiid ôfbrutsen, foar in grut part yn ruilferkavelingsferbân.
8. Der gie doe in paadsje nei It Mear. Dêr stienen twa huzen. Efkes oerstekke en sa koest fierder nei De Sweach. Tsjin de boskrâne kinst it paad noch folgje, by de rykswei (no A7) rinst stomp.

 

 

En no it middenfek fan de plattegrûn tekene troch J.H. Bosma (1904-1995). In pear kanttekeningen. De measte bewenners fan de huzen stamme fan flak foar of nei de oarloch.
1. Links boppe, ûnder skuonmakker Kees de Jong stiet 'electr.centrale'. Yn 1913 wie in groepke foarútstribjende persoanen op it idee kommen hjir stroom op te wekken. Wylst yn de rest fan de gemeente, ja hast yn hiel Fryslân de petroaljelampe noch baarnde, waarden oan de haadstrjitte fan Boarnburgum de stroompeallen yn de grûn stampt. De stippen oan de noardkant fan de wei wize dêrop. De stroomtriedden rinne fan west nei east, fan Altena nei de Galhoeke. It molkfabryk dêr hat der ek fan profitearre, de masines koenen oergean fan stoom nei stroom. Letter is de partikuliere stroomfoarsjenning opkocht troch it PEB (provinsjaal elektrysk bedriuw). De stippen oan de súdkant fan de dyk stelle de telefoanpeallen foar.
2. Tusken Deelstra en Slofstra leit noch in âld reedsje. It rint no dea, mar destiids kaam it út op it tsjerkepaad (de stippelline) dat fan it Himster tsjerkje nei it Godshûs fan Boarnburgum rûn. It waard yn de tiid fan de billewein in soad brûkt. Yn de folksmûle krige it de namme 'tsjerkeleane', it kaam immers sawat by de Grifformearde tsjerke út en op snein kaam der nochal wat folk fan De Sweach om him hjir ûnder it grifformearde dominysgehoar te bejaan. Foar 1922 wie der yn Beetstersweach gjin Grifformearde tsjerke en kamen de minsken oer lannen en paden hjir op ta.
3. De Lege Ein wie lang in modderreed. In ferbining mei de huzen dêr waard foarme troch de Arjensreed. De namme sil wol komme fan boer Arjen v.d. Veen, dy't op it hoekje wenne. Der wenje hjir noch minsken dy't as suteler mei de tassen oan it stjoer de reed yn moasten, op`en paad nei de klanten. Elke dei kaam de bakker, de winkelman (Tjeerdsma), of de slachter (Bosma) oan de doar. It restant fan de reed leit noch as in stille oaze tusken de ikebeamen. Allinne it earste stik tusken De Raad en Brouwer is nei de ruilferkaveling troch de eigener weigroeven. Arjensreed wie yn ferfal rekke troch it oanlizzen fan syn asfaltfreon in eintsje fierderop by Wagenaar. De namme is by de measten ûnbekend, hy wurdt ommers net mear brûkt, sels slûpferkear is ûnmooglik makke.
4. Rjochts op de plattegrûn, midden yn it fjild sjogge we trije huskes. In protte minsken hawwe it der noch wolris oer. Der skine karakteristike persoanen wenne te hawwen, tink marris oan Jan Plantings, alias de Tuter. Wa hat noch in fotootsje fan ien fan dizze huzen?
5. De grutte pleats mei de namme "Woudlust" hat in rike histoarje. It leit yn`e bedoeling hjir nochris apart en djipper op yn te gean. It is al te hoopjen dat dizze pleats, dy't no sa leech stiet, gau wer in nije bewenner krijt en net fertutearzet.

 


By de foto: De elektryske sintrale fan 1913. De bestjoersleden, allegear pommeranten fan it doarp, sitte foar it gebou. Fan links nei rjochts: Jan K. Bosma, boer; Groenewold, haad fan de iepenbiere skoalle; B.K van den Berg, direkteur fan it bûterfabryk; Sytse Douwes Bergsma, boer en Jan Jans de Boer, winkelman. Bethlehem wie de masinist (stiet hjir net op). Dúdlik binne de isolearjende potsjes yn de muorre te ûnderskieden. Letter kaam slachterij Bosma hjir, Cor en Wyp wenje der no noch.

(Boarnhimster Bining desimber 1998 en april 1999, troch Jochum Dykstra, hjir en der oanfolle troch TdB)

Copyright © 2017 Boornbergum - Kortehemmen. Alle rechten voorbehouden.
Joomla! is vrije software vrijgegeven onder de GNU/GPL Licentie.